Akkudieven op 'en paad

Op ferskate plakken yn Súdeast-Fryslân binne dizze wike akku's út frachtauto's stellen. De frachtweinen stiene allegearre op terreinen fan bedriuwen, yn Beetstersweach, Drachten, Bakkefean en Haulerwyk. De plysje tinkt dat der ien groep dieders achter sit. By de stellerij is in swarte Opel sjoen. Yn 'e haven fan Eastersee binne út in boat ek akku's stellen. Der is ynbrutsen yn ferskate boaten. Wat der fierders mist, is noch ûndúdlik.