Buske yn de sleat

01 apr 2010 - 09:03

Op de A32 by Aldeholtwâlde ûntstie tongersdeitemoarn tsjin healwei achten in file nei in ûngelok. Op de rydstrook fan Wolvegea nei Teridzert botsten in buske en in auto op elkoar. Derby sloech it buske oer de kop en rekke yn de sleat neist de dyk.

De skrokken bestjoerder koe der sels útkomme. Hy is mei ferwunings oan de skonke nei it sikehûs yn It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)