Oprop tsjerke trou te bliuwen

Biskop De Korte
Biskop De Korte fan it bisdom Grins/Ljouwert hat woansdeitejûn yn de Sint Odulphusparochy yn Bakhuzen de Fryske katoliken oproppen de tsjerke trou te bliuwen. Hy sei yn syn preek te begripen dat dit dreech wêze kin.
De Korte toande berou en fynt dat geastliken dy't har skuldich makke ha oan seksueel misbrûk ferfolge wurde moatte. De katolike tsjerke moat slachtoffers fan misbrûk ek safolle mooglike help biede.