Soap foar jongerein op Froeks

31 mrt 2010 - 22:36

Froeks.TV giet fan start mei in online soap foar jongerein. De earste ôfleveringen binne yn septimber fan dit jier te sjen by de Frysktalige jongereinstjoerder. Yn earste ynstânsje wurde der tsien ôfleveringen makke fan elk fiif minuten.

Jongerein ûnder de 23 jier kin fia in online-aktearwedstryd in rol krije yn de soap en der wurde audysjes holden yn de provinsje. Ek it skript fan de searje wurdt skreaun troch de jongerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)