Unbekende dichtregels Reve

Unbekende dichtregels fan Gerard Reve
Yn in antikwariaat yn Assen is in bysûnder briefke fan skriuwer Gerard Reve fûn. Op it briefke stean twa ûnbekende dichtregels en ûnderoan sitte wynflekken.
Reve hat de regels skreaun yn 1967 op in dichtersfestival yn Ljouwert. It briefke komt út de neilittenskip fan de Fryske dichter Jan Wybenga dy't ek op it festival oanwêzich wie.
Revekenner Nick van Tilburg hat it briefke yn Assen fûn.