Noch gjin skeafûns pealrot

© Omrop Fryslân
Der liket gjin mearderheid te wêzen foar in provinsjaal skeafûns foar húseigners, dy't te krijen hawwe mei pealrot. Dat die woansdei bliken yn de steatekommisje. Earder ha Wetterskip Fryslân en de Fryske gemeenten al witte litten net mei te beteljen oan sa'n regeling. Dy soe sa'n 10 miljoen euro kostje moatte.
Under oaren de FNP komt yn ien fan de kommende steategearkomsten noch wol mei in inisjatyffoarstel om op koarte termyn in beslút te forsearjen.