Leden Agrifirm krije jild

31 mrt 2010 - 14:40

De leden fan it feefoerbedriuw Agrifirm krije oer 2009 18 miljoen euro útbetelle. Dat hat it bedriuw woansdeitemiddei bekend makke. By Agrifirm binne 15.000 boeren oansletten. Dy krigen in jier earder noch 12 miljoen útbetelle.

De hegere útkearing kin dien wurde omdat Agrifirm mear winst makke hat. Dy winst lei yn 2009 20 miljoen heger as yn 2008.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)