Fytse foar in wrâldrekôr

It Nederlands Fytsersbûn en it Nederlânsk Ynstituut foar Sport en Beweging besykje tiisdei safolle mooglik minsken op de fyts te krijen. Doel is it heljen fan in wrâldrekôr.
Yn Fryslân waard tiisdei om tolve oere ûnder oare meifytst yn Ljouwert. Hoefolle minsken dêr op de fyts stapten is net krekt dúdlik, mar dêr giet it ek net om. Want úteinlik soene minsken net allinne tiisdei op de fyts stappe moatte foar in nij wrâldrekôr, mar ek op oare dagen.