Dieven dogge greep út kassa

31 mrt 2010 - 10:00

De plysje ûndersiket de stellerij fan jild út in kassa tiisdeitemiddei op de Voorstreek yn Ljouwert. Trije manlju en in frou kamen de winkel yn. It personiel waard ôflaat, wylst ien fan de fjouwer in greep yn de kassa die. De dieven namen jild mei, de winkel-eigner warskôge de plysje.

Omdat der in goed sinjalemint wie, sette de plysje in aksje op fia Burgernet. De plysje koe de dieders lykwols net mear fine en wol yn kontakt komme mei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)