Kwaliteit swimwetter goed
De kwaliteit fan it swimwetter yn Fryslân wie yn 2009 goed. Dat docht bliken út kontrôles dy't de provinsje dien hat by ferskate swimplakken. De provinsje kontrolearre 125 swimbaden en 47 swimplakken yn de natuer. De kontrôles wiene fan maaie oant septimber. Der waard sjoen nei kwaliteit, hygiëne en feiligens.
Der wiene wol saken dy't better koene, mar neffens de provinsje hawwe de behearders dy punten daliks oanpakt.