Alderein Vegelinstate ferhuze

30 mrt 2010 - 17:23

45 âlderen fan soarchsintrum Vegelinstate op 'e Jouwer koene tiisdei foar it earst yn harren nije wenten. Dy binne hiel rom en fan alle gemakken foarsjoen. Yn optocht, in keppel guozzen foarop, kamen de bewenners oan by it spiksplinternije Vegelinstate.

De apparteminten steane om in romme binnentún. Yn it kompleks binne wat nije foarsjenningen ferwurke lykas in bewegingstún foar âlderein en bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)