Tresoar liedt doarpsgidsen op

Tresoar fersoarget de kursus
Fyftjin oant tweintich frijwilligers yn Súdeast-Fryslân wurde oplaat ta doarpsgids. Dat binne minsken dy't in soad oer de eigen omjouwing witte en dat ek goed fertelle kinne oan bygelyks toeristen. Ien en oar makket diel út fan it opwurdearjen fan de regio as toeristyske bestimming.
Yn it projekt is ek it meitsjen fan papieren gidsen meinommen. Histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert fersoarget de kursussen.