Mooglik aksjes yn suvel

30 mrt 2010 - 15:00

De fakbûnen roppe wurknimmers fan Fryske suvelfabriken mooglik op om it wurk del te lizzen. De ûnderhannelings foar in nije cao sitte nammentlik hielendal fêst.

De fakbûnen wolle graach dat de meiwurkers 1,25 persint by har salaris op krije, mar de suvelkoöperaasjes, sa as FrieslandCampina, wolle net fierder gean as 0,4 persint. De boeren dy't molke oan de suvelfabriken leverje, moatte neat fernimme fan eventuele wurkûnderbrekkings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)