Nije fytsbrêge Tsjerkwert

30 mrt 2010 - 12:01

Fytsers kinne fan ein april ôf gebrûk meitsje fan de nije fytsbrêge oer it Van Panhuyskanaal by Tsjerkwert. De brêge is ûnderdiel fan in tal fytsfoarsjenningen dy't de provinsje realisearret by de N359 by Tsjerkwert en Parregea. Sa wurde ek trije nije fytstunnels oanlein.

De bou fan de earste fytstunnel begjint yn april. Ien en oar is bedoeld om de feilichheid foar fytsers te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)