Man stelt guod út WTC

30 mrt 2010 - 10:34

De plysje hat in man fan 34 jier út Ljouwert ôfrûne nacht oanholden foar stellerij. Meiwurkers fan in befeiligingsbedriuw hiene de plysje warskôge nei't se op in kamera sjoen hiene dat by it WTC opslútbannen stellen waarden.

Op de kamerabylden wie dúdlik te sjen dat de Ljouwerter in tal opslútbannen yn syn auto tilde en dêrnei útnaaide. De plysje koe de man letter oanhâlde. Op it buro hat er proses-ferbaal krigen. Dêrnei koe er wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)