Oanriding Kleaster Lidlum

30 mrt 2010 - 09:46

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding ôfrûne sneon yn Kleaster Lidlum, wêrby't de feroarsaker trochriden is. Op de Mûntsewei moast in jonge fan 16 op in brommer útwike foar in auto. De jonge bedarre yn in sleat en rekke út de tiid. De autobestjoerder ried troch.

In foarbygonger fûn it slachtoffer en hat him thúsbrocht. Letter is de jonge noch nei it sikehûs rekke. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)