Kontrakt Smárason net ferlingd

Arnór Smárason
It kontrakt fan Arnór Smárason by Sportklup Hearrenfean wurdt net ferlingd. De Yslanner is oan de ein fan dit seizoen transferfrij.
Smárason makke nei in lange blessuere syn rentree by de beloften fan Hearrenfean en skoarde fuort. Yn de simmer fan 2009 rekke hy swier blesseard oan syn hamstring. De 21-jierrige middenfjilder spilet al fan syn 15e ôf foar Hearrenfean. Begjin 2008 makke hy syn debút. Hy spile 23 kear en skoarde fiif goals.