Advys kolleezje Dongeradiel

29 mrt 2010 - 22:32

De gemeente Dongeradiel moat in kolleezje fan CDA, FNP en ChristenUnie krije. Dat skriuwe de ynformateurs yn harren rapport dat moandeitejûn presintearre is. De trije partijen hawwe 13 fan de 19 sitten yn de ried.

De VVD wie yn Dongeradiel de iennichste partij dy't by de ferkiezings in sit wûn hat. Mar harren stânpunt oer it asylsikerssintrum wie neffens de ynformateurs de reden om dy partij net yn it kolleezje te freegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)