Fermist famke wer teplak

It 16-jierrige famke út Boalsert dat sûnt freed fermist waard, is wer teplak. De plysje hat har moandeitejûn oantroffen op It Hearrenfean. It famke is werombrocht nei behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen dêr't se foar behanneling wie. Se hie der freed mei trije oare bewenners op út west, mar kaam net werom.
Yn Koartehimmen wurde Fryske jongeren tusken tolve en achttjin jier opfongen dy't te krijen hawwe mei psychyske of gedrachsproblemen.