Restauraasje Groate Kerk los

29 mrt 2010 - 19:33

Yn Sint Jabik is moandei it startsein jûn foar de restauraasje fan de Groate Kerk. Sûnt 1992 lizze der al plannen foar it opknappen fan de tsjerke. No is der subsydzje fan it Ryk en der komt nei alle gedachten ek jild fan de provinsje. Dêrmei wurdt ûnder oare it dak opknapt. Om't der noch net genôch jild is, komt der earst noch gjin ynfosintrum foar it Jabikspaad. It pylgerpaad rint fan de Groate Kerk yn Sint Jabik nei Santiago de Compostella yn Spanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)