Nijs sluting basis foarbarich

29 mrt 2010 - 16:10

Ferhalen oer sluting fan de fleanbasis Ljouwert binne foarbarich. Dat sizze deputearre Piet Adema en boargemaster Crone fan Ljouwert. De opsje is opnaam yn in pakket fan besunigingsmaatregels dy't tongersdei presintearre wurde.

Yn dy 'Brede Heroverwegingen' soe as besunigingsopsje neamd wurde dat der gjin 85 mar 50 gefjochtsfleantugen kocht wurde. Dat soe dan as gefolch ha kinne dat de basis yn Ljouwert, mei sa'n 1200 meiwurkers, ticht moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)