Nije spilers Harkemase Boys

29 mrt 2010 - 15:49

Oanfaller Tim Velten en keeper Theo Timmermans spylje takom seizoen foar de Harkemase Boys. Velten spile yn it ferline foar FC Twente. Hy die ien wedstriid mei by de Tukkers tsjin Feyenoord. Velten spilet op it stuit foar earste klasser Gronitas ut Grins.

Keeper Theo Timmermans spile yn de jeugd fan FC Grins. Hy traint al sûnt oktober mei by de Harekiten. Timmermans komt oer fan ONS Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)