VVD fernuvere oer fleanbasis
De steatefraksje fan 'e VVD is bot fernuvere oer berjochten dat fanwege besunigings de fleanbasis Ljouwert mooglik tichtgiet. Neffens de VVD is de basis wichtich foar de ekonomy yn Fryslân. As de basis slút kostet dat hûnderten banen.
De VVD wol dat steatssiktaris De Vries fan definsje him oan syn wurd hâldt en de basis iepenhâldt. Tongersdei wurde besunigingsplannen iepenbier makke. Ien dêrfan is it sluten fan 'e fleanbasis.
Trefwurden:
argyf