Bovag wol ôf fan opsinten

29 mrt 2010 - 12:00

Automobilisten hoege as it in oan de Bovag leit gjin provinsjale opsinten op de motorrydtugebelesting mear te beteljen. De Bovag docht dit foarstel foar de Twadde Keamerferkiezings fan juny. De opsinten soene ferdwine by de ynfiering fan 'e kilometerheffing, mar oft dy heffing der noch komt is ûnwis.

De provinsje Fryslân is tsjin it Bovagplan, want de opsinten binne de iennichste mooglikheid fan 'e provinsje om sels belestingjild op te heljen, sa seit deputearre Galema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)