Berndsen twadde op list D66

29 mrt 2010 - 11:16

Korpssjef Magda Berndsen fan Plysje Fryslân stiet twadde op de list fan D66 foar de Twadde Keamerferkiezings. De demokraten presintearren moandeitemoarn harren konsept-kandidatelist. Berndsen wie earder bestjoerlik aktyf as boargemaster fan Beverwijk en Obdam.

Ald-Journaalpresintatrise Pia Dijkstra, dy't fan Snits komt, is ek kandidaat. Sy stiet op it 16de plak. Lykas ferwachte wurdt de list oanfierd troch partijleider Alexander Pechtold.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)