KvK op besite by ûndernimmers

29 mrt 2010 - 10:21

De Keamer fan Keaphannel (KvK) yn Noard-Nederlân sil by ûndernimmers op besite gean. De KvK berikt op dit stuit mar 20 persint fan de ûndernimmers. Dat komt fral omdat de KvK sjoen wurdt as in ynstânsje yn in grut kantoar, wylst in soad ûndernimmers mear ferlet hawwe fan in 'petear oan de keukentafel'.

De KvK tinkt sa mear foar de ûndernimmers betsjutte te kinnen. Boppedat betelje alle bedriuwen mei oan de Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)