Drankrider skansearret brêge

29 mrt 2010 - 10:02
Dizze brêge waard stevich rekke troch in drankrider (foto: Rudy Bouma, 112 Grinslân)

In 59-jierrige automobilist fan Boalsert is yn de nacht fan sneon op snein tsjin in brêge op de Broerestrjitte yn syn wenplak riden. De Boalserter wie ûnder ynfloed fan alkohol en rekke út koers mei syn auto.

De man ried der in pealtsje út en fernielde oanslutend in diel fan de brêgeleuning. De plysje hat de fertochte meinaam nei it plysjeburo. De leuning is yntusken provisoarysk makke. De auto wie total loss.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)