Snits pakt punt fan koprinner

Haadklasser Snits Wyt Swart hat snein yn Groesbeek mei keunst en fleanwurk in punt pakt fan koprinner De Treffers. De Snitsers stiene benammen yn de twadde helte mei de rêch tsjin de muorre. De Treffers miste ek in penalty. Mar de stân bleau 0-0. De Snitsers bliuwe alfde op de ranglist.
De oare haadklasser De Jouwer ferlear op eigen fjild mei 3-1 fan Achilles '29. As ploech wie De Jouwer net de mindere. De yndividuele klasse fan spilers makke it ferskil.