Winst foar Jannick de Jong
Motorcoureur Jannick de Jong fan De Gordyk hat snein de earste wedstriid fan it nije gersbaanseizoen wûn. By de tradisjonele iepeningsrace yn it Drintske Vries wie er in de finale oppermachtich en gie er oan de lieding fan start oant finish.
De wedstryd telt mei foar it Nederlânsk kampioenskip. De regearjend Nederlânsk kampioen en Fries om utens, Dirk Fabriek, kaam net fierder as it fjirde plak.
Trefwurden:
argyf