Drankrider skûlet yn tún

In man (35) út Twizelerheide hie sneon gjin nocht om te blazen en ried troch by in alkoholkontrôle op 'e Westereen. Doe't er op 'e Boskwei de plysje seach, joech er gas. Op 'e Noarder Stasjonswei botste er tsjin in peal en naaide er dêrnei rinnende út. De plysje fûn him yn in tún fan in wenhûs. Syn riidbewiis is ynnaam.
In 40-jierrige dronken frou út Easterwâlde foel de plysje op trochdat se de auto net rjocht op 'e dyk hâlde koe. Har rydbewiis is ek ynlutsen.