Bierkrat troch rút smiten

In leech krat bier hat yn 'e nacht fan sneon op snein foar in grutte ravaazje soarge yn in wenhûs oan de Kwekerijstrjitte yn Ljouwert. Om sawat tolve oer nachts krigen de bewenners de skrik fan harren libben doe't it krat dwers troch it rút smiten waard.
Trochdat de gerdinen tichtsieten rekke gjinien ferwûne. Tsjûgen seagen trije minsken fuortdraven yn 'e rjochting fan de Fruitstrjitte. De plysje hat de omjouwing ôfsocht, mar gjinien fûn.