Stap omheech Fryske swimsters

28 mrt 2010 - 13:48

Swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum makket de oerstap nei it nasjonaal trainingssintrum Eindhoven. Topcoach Jacco Verhaeren sil har dêr begeliede. Hy hat ek Pieter van den Hoogenband en Inge de Bruin traind. Kraaijeveld swimt no noch by Orka yn Ljouwert. Sy pleatste har dit wykein by de swimkup yn Amsterdam ek foar it EK yn Boedapest letter dit jier. In oare Friezinne, Drachtster Lia Dekker, stapt oer nei Amsterdam dêr't se traind wurdt troch Hans Elzerman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)