Cambuur fit foar FC Oss

Stanley Menzo (foto: Omrop Fryslân)
Cambuur spilet moandei de ynhelwedstriid tsjin FC Oss. De wedstriid waard op 19 febrewaris ôflast. Reza Ghoochannejhad is werom nei in skorsing. Hy start nei alle gedachten net yn 'e basis.
Trainer Menzo liket fêst te hâlden oan it basis-alvetal dat freed mei 3-0 fan FC Volendam wûn. By winst kin Cambuur it gat mei koprinner De Graafschap werombringe ta sân punten. FC Oss, mei Cambuurspiler Chris de Wagt, striidt tsjin degradaasje.