Eksposysje oer oarloch Ferwert

28 mrt 2010 - 10:50

De gemeente Ferwerteradiel en de Feriening Pleatslike Aktiviteiten Ferwert-Hegebeintum sykje minsken dy't foto's of oar guod hawwe oer Ferwert en Hegebeintum yn oarlochstiid. Beide organisaasjes binne dwaande mei de tariedings foar de deadebetinking op 4 maaie.

It is de bedoeling om dêr dit jier in spesjale eksposysje by yn te rjochtsjen. Minsken mei geskikt materiaal kinne har melde by de Feriening Pleatslike Aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)