SC Hearrenfean gau lam slein

28 mrt 2010 - 03:07

Sportklup Hearrenfean wie al gau kânsleas yn Kerkrade tsjin Roda JC. Mads Junker sette de Limburgers nei seis minuten op 1-0 en dêrnei krige Feanster Assaidi de reade kaart. Mei tsien man wie der foar de ploech fan Jan Everse gjin hâlden mear oan.

Marcel de Jong, opnij Junker en Bodor setten de thúsploech foar it skoft op 4-0. Keeper Henk Timmer kearde ek noch in stafskop. Michel Breuer en Mika Väyrynen diene nei de grif sloppe tee noch wat werom: 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)