Hooghiemster wint yn Veendam

27 mrt 2010 - 18:00

René Hooghiemster fan Drachten hat sneon de Ronde fan de Feankoloanjes wûn. Nei in koers fan 150 kilometer kaam de hurdfytser fan de Friesche Leeuw mei in minút foarsprong op Gijs Strating út Haren oer de streek. Jos Harms út Alde Pekela waard tredde.

Yn dizze twadde wedstriid fan de klupkompetysje pakte de Friesche Leeuw in protte punten. Niek Hooghiemster, broerke fan, waard achtste en Sierd Steigenga tsiende. De Friesche Leeuw stiet no tredde yn de tuskenstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)