Fette winst Harkemase Boys

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat op 'e Bosk mei 5-3 wûn fan PKC '83 út Grins. Yn de earste helte stienen de Boys 2-0 achter. Yn in knotsgekke twadde helte makken de Harkiten fiif doelpunten yn in heal oere tiid. Doelpuntemakkers wiene Jelmer Swager, Alwin Kooistra, Oebele Schokker, Martijn Barto en Arjen Postma.
Fiif minuten foar de ein fan 'e wedstriid makke Harkyt Dennis Loer in oertreding en waard fan it fjild stjoerd.