Huzemerk lûkt wer oan

27 mrt 2010 - 16:31

De iepenhuzerûte yn Fryslân fan dit wykein lit sjen dat de huzemerk wer oanlûkt. Neffens regiofoarsitter Albrecht Kok fan de NVM wie der in protte belangstelling foar de te keap steande wenten.

Sa'n 1600 wenten wiene iepen foar publyk, Trochinoar kamen trije belangstellenden by in hûs del. Wenten foar starters koene foaral rekkenje op besite. De huzen yn 'e klasse boppe de trije ton wiene ek populêr. Dat is neffens de NVM in nije ûntjouwing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)