Mei 180 km yn 'e oere oer A31
In 24-jierrige automobilist út Ljouwert is freedtejûn op de A31 by Dronryp syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried dêr 180 kilometer yn 'e oere, wylst dêr net hurder as 120 riden wurde mei.
In surveillearjende motorplysje hat de man oanhâlden en proses-ferbaal opmakke. Omdat er mear as 50 kilometer te hurd ried, waard syn rydbewiis yn beslach naam.