Jonge Kollumer mei drugs pakt

27 mrt 2010 - 14:52

In 15-jierrige jonge út Kollum is freedtejûn yn syn wenplak oanhâlden op fertinking fan it by him hawwen fan harddrugs. De plysje hie in tip krige dat yn in stege by it Maartensplein drugs ferhannele waarden.

Der stiene trije jonges en ien fan harren besocht noch gau wat fuort te stopjen. De plysje fûn in pûdsje weed en in joint, mar seagen ek in doaske lizzen. Dêryn siet in wikkel mei nei alle gedachten speed of kokaïne. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)