Izeren rydplaten stellen

Yn Drachten binne twa ynwenners fan Heemskerk oanhâlden op fertinking fan stellen fan rydplaten. De plysje wie tipt dat by in bedriuw yn Drachten stellen rydplaten te keap oanbean waarden. Ut ûndersyk die bliken dat se stellen wiene yn Amsterdam.
De ferkeapers en harren frachtauto koene op bedriuweterrein Azeven pakt wurde. De fertochten binne meinaam nei it plysjeburo foar ûndersyk. De frachtauto en de rydplaten binne yn beslach naam.