Nije popskoalle yn Drachten

27 mrt 2010 - 11:41

Sintrum foar de keunsten De Meldij yn Drachten begjint nei de simmer mei in popskoalle. Op dizze skoalle krije jongeren de kâns om yn in band te spyljen. No krije se les yn it bespyljen fan in ynstrumint, mar de jongerein wol ek graach echt optrede. De skoalle hâldt yn de simmer in yntake foar alle belangstellenden,

De popskoalle is op moandeis trije oeren iepen. Allle bands krije in begelieder. De ferwachting is dat der aanst 20 bands foarme wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)