SC Cambuur wint ienfâldich
Sportklup_Cambuur hat de wedstriid tsjin Volendam freedtejûn ienfâldich mei 3-0 wûn. By it skoft stie it 1-0 troch in goal fan Nassir Maachi. Dêrmei is it ferhaal fan in fierder teloarstellende earste helte ferteld.
It twadde bedriuw wie in stik better en Cambuur kaam terjochte op 2-0. In knal fan Hese einige op de latte, mar Maachi stie op it goeie plak om de 2-0 te meitsjen. Dennis van der Ree bepaalde mei syn earste goal yn it betelle fuotbal de einstân op 3-0.
Trefwurden:
argyf