Kwotum ljipaaien fol

26 mrt 2010 - 19:34

Der meie sûnt freedtejûn gjin ljipaaien mear meinaam wurde. Dat meldt de webside Aaisykjen.nl. Tsjin healwei achten waard it fêststelde kwotum fan 5.939 aaien berikt. Dat oantal lei leger as ferline jier. Doe mochten der 6.431 aaien socht wurde.

It earste Fryske ljipaai fan 2010 waard op 16 maart fûn troch Hidde Dijkstra fan Britsum. Dy fûn it aai flakby de Ljouwerter fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)