Earste peal maneezje slein

Op it terrein fan Revalidatie Friesland yn Beetstersweach is freed de earste peal slein fan it nije gebou fan maneezje Onder de Linde. De maneezje wurdt brûkt troch minsken mei in beheining. It âlde ûnderkommen wie nei tritich jier oan ferfanging ta.
De behearende stichting hat noch in tekoart fan 250.000 euro. Besocht wurdt dat jild los te krijen by sponsors. De nijbou moat nei de simmerkfakânsje klear wêze. Oant dy tiid wurdt der bûten riden.