Lichem fermiste Drachtster fûn

Yn it Lauwersmargebiet is freedtemoarn it lichem fan Adolf Mud (48) út Drachten fûn. De man waard sûnt 9 febrewaris fermist. Doe waard syn auto fûn op in parkearplak yn it Lauwersmargebiet. Sûnt dy tiid is der regelmjittich nei Mud socht, ûnder oare mei hûnen en mei in helikopter.
It lichem fan Mud waard fûn troch in gast fan camping Lauwersoog. Ut seksje hat bliken dien dat de man net troch in misdriuw om it libben kaam is.