Biblioteek Akkrum yn gefaar

De byb fan Akkrum soe ticht moatte
De besunigingsplannen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, treffe ek de biblioteek yn Akkrum. Dy moat ticht. Dat smyt de gemeente op in totale besuniging fan 4,8 miljoen euro 50 tûzen euro op. Mar direkteur Anne Tiemersma fan de biblioteken Midden-Fryslân, dêr't de festiging yn Akkrum ûnder falt, leit him net samar del by de slúting.
Ynwenners fan Akkrum reagearje emosjoneel op it foarnimmen om de biblioteek te sluten.