FNP-wethâlder yn Ferw'diel

26 mrt 2010 - 12:17

It nije kolleezje fan B. en W. fan Ferwerderadiel is rûn. It CDA en de FNP leverje beide in wethâlder. Foar it CDA is dat Talsma, dy't al wethâlder wie. De FNP is nij yn it kolleezje en hat Jaap Hijma fan Marrum as wethâlder nei foaren skood.

De FNP wikselt de PvdA ôf yn it kolleezje. Dy partij ferlear by de riedsferkiezings en koe mei it CDA gjin mearderheidskolleezje foarmje. Omdat de FNP fan twa nei trije sitten gie, koe it mei dy partij wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)