Koalysje-akkoart Frjen'diel
De trije partijen yn Frjentsjerteradiel dy't yn it nije kolleezje fan B. en W. komme, hawwe in koalysje-akkoart berikt. Gemeentebelang, PvdA en VVD hawwe ek in konsept-program makke. Dêryn stiet ûnder oare hoe't se tinke dat se 1,8 miljoen euro besunigje kinne.
Alle trije partijen leverje ek in wethâlder. Foar Gemeentebelang is dat Bekkema, foar de PvdA Twerda en foar de VVD frou Osinga.