Plysje Wolvegea bliuwt iepen

It plysjeburo yn Wolvegea bliuwt iepen. Dat hat de plysje Fryslân besletten op oantrúnjen fan de gemeente Weststellingwerf. Fanwege jildkrapte moat in tal buro's ticht. Gemeenten fersette har dêr fûl tsjin. It is Weststellingwerf no slagge om it buro yn Wolvegea iepen te hâlden.
De gemeente hat der foaral op hammere dat it gebou nagelnij is en dat de plysje mear jild kwyt is as it sletten wurdt.